1 augustus 2026 - 5e Bokkepartij
Wat wie it in fantastyske dei yn Ljussens! Mei mar leafst 73 partoeren, ferdield oer trije ferskillende klassen, wie de fyfde edysje fan de Bokkepartij wer ien om net gau te ferjitten. Troch hiel Ljussens waard der prachtich en fanatyk keatst. Der stie folop publyk lâns de perken, dat genoat fan spannende en moaie keatspartijen. Der wie boppedat hiel wat PC-ûnderfining op de Bokkepartij oanwêzich. De âldste dielnimmer wie 69 jier, wylst de jongste dielnimmer noch mar 14 jier wie. In moai foarbyld fan hoe’t jong en âld mei-inoar genietsje kinne fan it keatsen. Ek bûten de perken wie der foar jong en âld de hiele dei genôch te belibjen. In hiel grut komplimint en in enoarm wurd fan tank oan alle frijwilligers! Troch jim ynset, entûsjasme en hurde wurk is dizze fyfde Bokkepartij wer in geweldich sukses wurden. Sûnder jim wie dit allegear net mooglik west!
De útslaggen:
A-klasse
1e priis
Laas Pieter van Straten
Pieter Scharringa
Marten Bergsma
2e priis
Arjen Schregardus
Gerwin Dijkstra
Siebe Feenstra
3e priis
Anne Jelmer Hellinga
Marthijs Wolbers
Jan Jelle Jongsma
3e priis
Jan Bandstra
Sietse Botma
Sytse Koree
1e priis herkânsingsronde
Jan Berend Sipma
Doeke Jan Wilman
Douwe de Vries
2e priis herkânsingsronde
Gabe Jan van Popta
Hendrik Kootstra
Geertje Wiersma
B-klasse
1e priis
Andre Braaksma
Menno Dijkstra
Wilbert Hiemstra
2e priis
Jan Visser
Gerald Boersma
Jan Pieter Hovinga
3e priis
Bennie Spijksma
Ype Rispens
Ymko Braaksma
4e priis
Yorrick Elzinga
Jimke Haaksma
Patrick van der Ploeg
4e priis
Andries Visser
Kees Meinema
Sietze Visser
1e priis herkânsingsronde
Renze Jan Stiemsma
Nanne Jan Post
Johan Dijkstra
2e priis herkânsingsronde
Jan Pieter Reitsma
Desiree de Vos
Jenne Deelstra
3e priis herkânsingsronde
Jan Jippe Holwerda
Willem Wijma
Geert Brandsma
Damesklasse
1e priis
Eline Koree
Alena Boonstra
Marrit Roorda
2e priis
Lysanne Koree
Esther Turkstra
Tineke Terpstra
3e priis
Antje de Vries
Jeltje Koree
Nynke de Vries
1e priis herkânsingsronde
Tessa Wouda
Froukje Anita Lei
Fenna Koster
2e priis herkânsingsronde
Adriana Visser
Fiannah Haaima
Liese Anke Dijkstra
3e priis herkânsingsronde
Jitske Hovinga
Gré Kingma
Daniëlle Visser
Fan herte lokwinske oan alle priiswinners! Wy sjogge mei in grutsk en tefreden gefoel werom op in prachtige dei.
Bliuw online op 'e hichte
Alles folgje kin fia tournifyapp.com/live/bokkepartij
Lotting & programma Bokkepartij 2026
Lotting en programma fyfde Bokkepartij
Sneon 1 augustus is it wer safier: de fyfde edysje fan De Bokkepartij yn de strjitten fan Ljussens! https://tournifyapp.com/live/bokkepartij
Dit jier dogge der mar leafst 73 partoeren mei. De lotting stiet no online en kin hjirûnder besjoen wurde. Sjoch gau tsjin wa’t jim it opnimme moatte!
Programma
13.00 oere – Start fan it keatsen
De wedstriden wurde spile yn ferskate klassen. Der is in A-klasse, B-klasse en in Damesklasse.
Fanôf 13.00 oere – Aktiviteiten foar bern
Foar de bern is der de hiele middei fan alles te dwaan, mei ûnder oare:
- ferskate springkessens;
- in fergeze schminkster;
- boublokken;
- in sânbak;
- ferskate kreamkes.
Omtrint 16.00 oere – Optreden fan Sjanz
Sjanz trapet it muzikale diel fan de dei ôf en soarget foar in gesellige sfear tidens de lêste keatspartijen.
Omtrint 18.00 oere – Finales en priisútrikking
Nei ôfrin fan de finales wurde de winners fan de ferskate klassen yn it sintsje set.
Fanôf 20.00 oere – Feest yn de tinte
Jûns giet it feest troch mei DJ René Friso en live muzyk fan Master Stu, ek wol bekend as de Swarte Hazes.
Omtrint middernacht wurdt de fyfde Bokkepartij muzikaal ôfsletten.
De tagong is de hiele dei fergees. Kom del, moedigje de keatsers oan en meitsje der mei ús in prachtige dei fan!

